Auto oer de kop by Terwispel

17 maaie 2014 - 12:00
  • Ambulânse

Op de A7 by Terwispel is sneontemoarn ien persoan ferwûne rekke by in ûngelok. De auto dêr't er yn siet fleach oer de kop. Helptsjinsten hawwe de ynsittenden út de auto helle. It slachtoffer is nei it sikehûs yn Drachten brocht. Tusken Tsjalbert en Beetstersweach stie om 12 oere noch 3 kilomter stilsteand en stadich ridend ferkear.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)