Frjentsjerter mishannele

17 maaie 2014 - 10:44

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon yn Frjentsjer in 33-jierrige ynwenner fan dat plak oanhâlden. De man wurdt der fan fertocht dat hy in 18-jierrige plakgenoat mishannele hat, dy rekke dêrtroch ferwûne oan it gesicht.

De fertochte waard letter yn syn wenning oanhâlden en meinommen nei it buro foar neier ûndersyk. Wêrom't it slachtoffer mishannele waard is net bekend, de plysje slút mear oanhâldings net út.

Trefwurden: 
mishanneling Frjentsjer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)