Dwarse en dronken Ljouwerter

17 maaie 2014 - 10:38

In 19-jierrige Ljouwerter is freedtejûn mei in soad pine en muoite troch de plysje oanhâlden. De man wie dronken en soarge foar oerlêst op de Pieter Stuyvesantwei, dêrom wie de plysje derby roppen. Doe't hy in foarbykommende fytser in traap joech, wie foar de plysje de maat fol. De man fersette him bot, mar úteinlik slagge it om him ûnder kontrôle te krijen en mei te nimmen nei it buro.

Sneontemoarn is hy wer frijlitten, hy hat in bekeuring krigen foar syn iepenbiere dronkenskip en it obsternate gedrach.

Trefwurden: 
Ljouwert dronkenskip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)