Blog: Sperma út Fryslân

Twa merjes fan Johan en Ellen binne net thús, want se moatte dutsen wurde. Se stean op in stasjon dêr't alle hynders út de regio byelkoar brocht wurde om ynseminearre te wurden. “It sperma hat hynstehâlder Eppinga opstjoerd, mar de koerier bringt it op sneon net fierder as it 17de departemint”. Dat betsjut dat se moarn hast 300 km ride moatte om it sperma sels op te heljen en nei it ynseminaasjestasjon te bringen. Hooplik slagget it allegear. Troch de ôfstân giet it wolris mis en moat se op de folgjende syklus wachtsje. It fokken fan Fryske hynders yn Frankryk is net samar klear. Om takom jier wer in fôle yn de greide te krijen freget wat mear as yn Fryslân.