Doarpsrûnlieders Eastermar los

17 maaie 2014 - 09:18

De 19 ynwenners fan Eastermar dy't de ôfrûne moannen oplaat binne ta doarpsrûnlieder komme sneon foar it earst yn aksje. Doel is dat de groep yn it ramt fan it 100e bertejier fan Dam Jaarsma, dizze simmer toeristen meinimt troch it doarp en se alles fertelt oer it libben fan har doarpsgenoat.

Dam Jaarsma is ferneamd en ûnderskieden om't er de grutste sammeling fan folksferhalen fan Nederlân hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)