Ek Ter Mors nei Jillert Anema

Jorien ter Mors wint de 1500 meter © ANP
Reedrydcoach Jillert Anema fersterket syn ploech takom seizoen mei twafâldich Olympysk kampioene Jorien ter Mors. De rydster út Enschede hat foar twa jier in kontrakt tekene by Clafis, de ploech fan Anema.
Ter Mors kaam op de Winterspelen yn Sotsji ek yn aksje as shorttrackster, mar wol har no mear rjochtsje op it langebaan reedriden. Sy hat har sinnen set op it EK en it WK Allround. Dêrnjonken sil se lykwols noch wol meitrainen bliuwe mei de shorttrackploech fan bûnscoach Jeroen Otter.
Earder al waard bekend dat Antoinette de Jong, Carien Kleibeuker en Heather Richardson har by Anema oanslute. By de mannen ride Jorrit Bergsma, Bob de Vries, Willem Hoolwerf, Arjan Stroetinga en Alexis Contin.