Ireen Wüst nei Team Continu

16 maaie 2014 - 21:01

Ireen Wüst rydt takom seizoen foar Team Continu. De mearfâldich Olympysk kampioene giet in twajierrich kontrakt oan by de ploech fan trainers Marianne Timmer en Gianni Romme. Wüst ûndertekenet har kontrakt kommende moandei en giet dan fuortendaliks op trainingskamp mei har nije teamgenoaten. Dat wurde ûnder oare de Friezinnen Yvonne Nauta, Thijsje Oenema en Margot Boer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)