Hubo Feanwâlden einliks sloopt

In grutte kraan makke freedtemiddei it winkelpân fan de Hubo yn Feanwâlden mei de grûn gelyk. De sloop makket ûnderdiel út fan it projekt 'Feanwâlden Foarút', dêr't it sintrum fan it doarp mei op 'e nij ynrjochte wurdt.
No't it pân fan de Hubo fuort is, kin de Koemarkt ferbûn wurde mei de Haadstrjitte en ûntstiet der in iepen plein. Boppedat krije de winkels in bettere sichtlokaasje, wat foar mear klanten soargje moat. Der waard al jierren sprutsen oer de sloop fan it pân, mar nei tsien jier wie it no sa fier.