Aksje foar stoomtrein rint dea

21 feb 2012 - 21:35

De Taskforce Stoomtrein is djip teloarsteld no't der definityf in ein kommen is oan de Friese Stoomtrein Maatschappij. De groep fan Snitser sakelju hat de ôfrûne moannen drok dwaande west om in trochstart foar mekoar te krijen, mar de kurator sei ôfrûne wykein dat hjir gjin mooglikheden mear foar binne. De groep hie hope dat der noch in partij te finen wie dy't alle eigendom fan de Maatschappij oernimme woe, sadat in trochstart mooglik wie. De ûndernimmers fiele harren oan it lyntsje hâlden, no't de stekker der definityf útlutsen wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)