'Red de Sionsberg' wer los

16 maaie 2014 - 15:53
  • De Sionsberg

Der is op 'e nij ûnrêst oer sikehûs De Sionsberg yn Dokkum. Aksjegroep Red de Sionsberg, dy't yn febrewaris in punt sette achter de aktiviteiten, is nij libben ynblaasd. Se krije sinjalen dat de fúzje mei sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten net ferrint sa as de bedoeling wie. Ek soe de ofdieling klinyske berne-genêskunde takom simmer tsjin de ofspraken yn de doarren slute.

Red de Sionsberg wie twa jier lang yn tou foar it behâld fan it lytste sikehûs fan Nederlân. Nei in grutte reorganisaasje makke de Sionsberg yn febrewaris in nije start.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)