Wytstjerblauboarst foar museum
Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert hat sûnt dizze wike in wytstjerblauboarst yn de samling. It sangfûgeltsje komt foaral yn wiete gebieten foar. It is net tige seldsum yn Fryslân, mar it museum hie der noch net ien.
It fûgeltsje wurdt opset en oanslutend opnommen yn de kolleksje. Dêr komt it te stean njonken de wytstjerreadboarst.