Byb Ljouwert moat besunigje

16 maaie 2014 - 13:00

De biblioteek fan Ljouwert moat fiergeande maatregels nimme omdat de gemeente net mei genôch jild oer de brêge komt. Dat seit de direksje fan de Biblioteken Mid-Fryslân. Alle tydlike kontrakten wurde net ferlengd en der jildt fuortendaliks in fakatuerestop.

Ek bliuwt de byb yn it Ljouwerter sintrum fan 1 septimber ôf op snein en moandei ticht. Foar lokale festigings wurde gjin nije boeken mear kocht. De maatregels binne nedich om't de gemeente Ljouwert neffens de direksje net genôch betellet.

As de gemeente net gau mei jild oer de brêge komt, moatte noch fierdergeande maatregels nommen wurde, lykas it sluten fan wykfestigings, sa wârskoget de direksje. De bibleteek moat dit jier mei-inoar mear as hûnderttûzen euro besunigje.

Wethâlder Sjoerd Feitsma fan de gemeente Ljouwert wol opnij mei de direksje fan de Ljouwerter biblioteek prate oer de takomst. Feitsma seit dat yn reaksje op it nijs dat direkteur Tiemersma fan de Ljouwerter biblioteek dit jier 120.000 euro besunigje wol omdat de biblioteek yn grutte finansjele problemen komt. As reden neamt Tiemersma dat de gemeente mei minder jild oer de brêge komt as earder tasein. Dêrtroch wurde alle tydlike kontrakten fan it biblioteekpersoniel net ferlengd en der jildt per direkt in fakatuerestop. Wethâlder Sjoerd Feitsma seit dat de gemeentlike bydrage fan 40.000 euro lykwols ôfpraat is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)