FNP wol 'Frysk kiesdistrikt'

De FNP wol dat Fryslân in eigen kiesdistrikt wurdt by de Europeeske ferkiezings. Ta dat stânpunt komt de partij nei analyze fan de kieslisten fan de partijen dy’t nije wike meidogge oan de EU-ferkiezings. It docht hjirby bliken dat gjin inkelde ynwenner fan Fryslân op in neffens de FNP ferkiesber plak stiet.
In garandearre sit foar in Frysk kiesdistrikt soe der foar soargje kinne kinne dat de partijen mear Friezen op in ferkiesber plak sette, mient de FNP. De FNP docht nije wike sels net oan de Europeeske ferkiezings mei.
De partij hat besletten om ek gjin stimadvys út te bringen. De FNP is wol aktyf op Europeesk nivo fia de Europeeske Frije Alliânsje, in gearwurkingsferbân fan regionale partijen út hiel Europa.