Argyf Schoustra nei HCL

16 maaie 2014 - 11:34

It grutste part fan de kolleksje fan de yn 2012 ferstoarne Fenno Schoustra is tenei yn hannen fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert. Dochter Nynke Feenstra-Schoustra fan de bekende publisist en sjoernalist en HCL-direkteur Geart de Vries binne dat dizze wike oerienkaam. De Vries is bliid mei it materiaal, dat in moaie útwreiding is fan it besteande argyf.

Schoustra wie bekend fan de útjefte fan it Kleine Krantsje en sammele allerhande artikelen en foto's oer Ljouwert. Ek skreau er oer de Alvestêdetocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)