Ekstra kommisje oer Poppoadium

De gemeente Ljouwert freget har ynwenners om mei te tinken oer it nije poppoadium oan it Harmoniekwartier. Dêrfoar hat de gemeente takom woansdeitejûn in ekstra kommisjegearkomst ynpland. Dizze wike hawwe de besteande Poppoadia Romein en Asteriks in bom ûnder it plan lein. Se wolle net mear mei de gemeente prate oer de komst fan it nije poppoadium.
De wurdfierders fan beide poadia ha gjin betrouwen yn de gemeentlike plannen. Dêrtroch is it oerlis mei de gemeente yn in ympasse rekke.
De Ljouwerter polityk is ek kritysk oer de plannen foar it nije poadium, no't de besteande poadia har net yn de plannen fine kinne.