Weening sakket yn klassemint

15 maaie 2014 - 22:11

Pieter Weening is der tongersdei net yn slagge de roze trui te pakken yn de Giro d'Italia. De hurdfytser fan De Harkema begong as twadde yn it klassemint oan de sechsde etappe. Weening einige lykwols as 74e, wêrtroch't er fan it twadde nei it 39e plak sakket yn it klassemint.

Rôzetruidrager Michael Matthews wûn de sechsde rit oer goed 257 kilometer en bliuwt de lieder yn it algemien klassemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)