Jonge ferwûne troch gersmeaner

Ambulânse © ANP XTRA
In jonkje is tongersdeitemiddei slim ferwûne rekke oan syn foet troch in gersmeaner. It ûngelok barde by in wenbuorkerij oan de Siniastrjitte yn Ljussens. Hoe âld it slachtoffer krekt is, koe de plysje net sizze. Nei alle gedachten giet it om in jonkje fan in jier as fiif. Hy is troch de traumahelikopter nei it UMCG yn Grins brocht. Hoe't it mei him giet is ûnbekend.