Rjochtsaak Cambuurrellen 23.5

15 maaie 2014 - 16:58

Fjouwer manlju dy't yn april oanhâlden binne nei de ûngeregeldheden yn it Cambuurstadion yn Ljouwert komme nije wike freed foar de rjochter. De fjouwer binne oanhâlden omdat se mei geweld it stadion fan Cambuur binnenkamen nei de oankundiging dat trener Dwight Lodeweges oerstapte nei sc Hearrenfean.

De manlju wurde fertocht fan iepenlik geweld, fernieling en bedrigings. Yn it ûndersyk nei de rellen op 1 april binne 15 Ljouwerters oanhâlden. De measten hawwe in stadionferbod krigen. Fan de fertochten dy't no foarkomme sitte trije fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)