RTV NOF nominearre foar priis

Jacob de Vries fan RTV NOF © Marten Kloetstra
De lokale omrop RTV Noardeast-Fryslân is as iennichste lokale omrop yn Fryslân nominearre foar de Lokale Omroep Awards 2014. Dat is de jierlikse radiopriis foar produksjes fan de publike lokale omroppen. It is foar de tredde kear op rige dat de omrop in nominaasje krigen hat.
Mei-inoar binne der 25 nominaasjes útdield yn ferskate kategoriën. De omrop foar Dongeradiel, Dantumadiel en Kollumerlân is nominearre yn de kategory crossmediaal foar it ferslach fan de yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum ferline jier. Op 6 juni wurde de Awards útrikt.