Jild foar wynpark op see rûn

15 maaie 2014 - 15:58

Der is genôch jild fan private ynfestearders fûn om útein te setten mei de bou fan in grut wynmûnepark op mear as 50 kilometer fan Skiermûntseach op de Noardsee. Der wie 2,8 miljard euro tasein en dat is no binnen. Wynpark Gemini moat hûnderten banen opsmiten yn it noarden. Sa binne der 500 minsken dwaande mei de bou en dêrnei jierliks 120 mei it ûnderhâld fan de wynmûnen.

De mûnen binne fan Skiermûntseach ôf net te sjen en de kabels geane troch see en net troch it eilân, seit projektmanager Albert van der Hem fan Energy Valley.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)