Verbeet hâldt Rede fan Fryslân

Ald-Twadde Keamerfoarsitter Gerdi Verbeet © ANP
Ald-Twadde Keamerfoarsitter Gerdi Verbeet sil nije wike woansdei de tredde Rede fan Fryslân foarlêze. De jierlikse lêzing yn de Steateseal op it Provinsjehûs yn Ljouwert hat as ûnderwerp demokasy. Doel fan de Rede is dat in gast fan bûten Fryslân in spegel foarhâldt en alfêst foarútsjocht nei 2040.
De earste Rede fan Fryslân waard yn 2012 holden. Doe wie direkteur Coen Teulings fan it Centraal Planbureau de sprekker. Ferline jier waard de Rede foarlêzen troch foarsitter Bernard Wientjes fan wurkjouwersorganisaasje VNO/NCW.