Miljoene-oarder foar VDL

15 maaie 2014 - 15:04
  • Busbouwer VDL op It Hearrenfean
  • Bus fan ferfiersbedriuw BVG yn Berlyn

Busbouwer VDL fan It Hearrenfean hat in grutte oarder krigen út Berlyn. It Dútske ferfiersbedriuw BVG hat mar leafst 236 nije bussen fan it type Citea LLE besteld by VDL. De bussen moatte tusken 2014 en 2017 levere wurde. De bussen, sa'n 60 per jier, wurde boud op It Hearrenfean.

Foar dy bussen betellet BVG mei-inoar 60,8 miljoen euro. BVG hat foar VDL keazen omdat harren bussen sa'n 9 ton wage en dêrmei lichter binne as oare bussen. Dêrtroch kin sa'n 20 persint besparre wurde op brânstofkosten. VDL is tige wiis mei de oarder.

VDL sil foar de klus mear freelance wurknimmers ynskeakelje. It binnenheljen fan de oarder si in boppeslach foar VDL, dat in striemin jier hânhat. En it bliuwt net by dizze oarder, seit direkteur Dennis van Opzeeland. Hy ferwachtet foar de ein fan it jier noch mear goed nijs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)