Ynbraak-goarre Littenseradiel

15 maaie 2014 - 14:56

Yn april waard Littenseradiel noch útroppen ta feilichste gemeente fan Nederlân, mei de minste kriminaliteit. Mar it koe wolris gau dien wêze mei dy status, no't dieven en ynbrekkers de rêstige plattelânsgemeente ûntdutsen ha. In goarre fan stellerijen en ynbraak giet troch de doarpen.

It lêste wapenfeit is de stellen stasjonsklok fan Mantgum. Net allinnich de klok is wei, ek de tsjerken fan Jorwert, Hilaard, Mantgum misse it koper fan bliksemôflieders en reinpipen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)