Warkum:Soad seldsume orchideën

Yn it Warkumer Nijlân is dizze maitiid wat bysûnders bard. It Nijlân al in hiel wichtich fynplak foar in seldsume soart orchidee, mar safolle as no, hawwe der de ôfrûne 23 jier net west. It giet om de toffels-en-skuon; de harlekijn-orchidee yn it Hollânsk.
Boskwachter Sjoerd Bakker fan Steatsboskbehear hat der 1031 fan telt wylst it der oars tusken de 300 en 600 binne. It natoergebiet is dêrmei it wichtigste Nederlânske fynplak fan de soarte op it fêstelân. Yn Fryslân is de orchidee fierder ek op guon Waadeilannen te finen.