COA: Gjin nij azc yn Fryslân

15 maaie 2014 - 12:45

Der komme foarearst gjin ekstra opfangplakken foar asylsikers yn Fryslân. Dat seit it centraal orgaan opvang asylsikers COA. De lêste wiken freegje sa'n tûzen minsken yn 'e wike asyl oan. Ornaris wiene dat der sa'n tûzen yn 'e moanne. Neffens it COA sitte op dit stuit de opfangplakken yn Burgum, Sint Anne en Drachten wol fol, mar wurdt net oan útwreiding tocht.

Dy útwreiding is yn it noarden benammen yn Drinte pland, dêr't yn Veenhuizen in leechsteande finzenis as opfang brûkt wurdt.

Trefwurden: 
finzenis asylsikers COA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)