'Koalmonokside-gif foarkomme'

Wenningboukorporaasjes moatte har mear ynsette om koalmonokside-fergiftiging foar te kommen, seit hierdersferiening Bewonersraad Friesland. Yn tûzenen hierwenten sitte noch gaskachels en geisers. As dy net goed ûnderholden wurde, rinne bewenners gefaar. Dan kin der koalmonokside ûntstean, lykas ferline wike yn Bakkefean.
It probleem is dat de apparaten fan de hierders binne en dy binne der sels ferantwurdlik foar. Neffens direkteur Gosé Posthumus fan Bewonersraad Friesland binne de reaksjes derom net allinnich posityf.