Holtrop bêste blomskikster

15 maaie 2014 - 10:31

Dini Holtrop fan He-As Bloemsierkunst op It Hearrenfean is woansdei Nederlânsk kampioen blomsierkeunst 2014 wurden. Ek de nûmer twa fan de wedstriid komt út Fryslân: Hanneke Frankema fan Valentijn yn Snits wûn sulver. Alex Aalders út Assen waard tredde.

De dielnimmers moasten mei-inoar fiif opdrachten útfiere. It NK fûn plak op de earste edysje fan de beurs Floraliën yn de Brabanthallen yn Den Bosch. Holtrop en Frankema meie hjir de kommende dagen demonstraasjes jaan. Boppedat mei Holtrop Nederlân fertsjintwurdige op it EK yn Italië.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)