Wytwaskûndersyk giet fierder

15 maaie 2014 - 10:10

De plysje hat woansdei yn Ljouwert op 'e nij in hûssiking dien yn ferbân mei it grutte wytwaskûndersyk. Yn in gebou oan de Eastergrêftswâl waard allinnich in lege klûs fûn. Tiisdei die de plysje ynfallen op trettjin lokaasjes yn Ljouwert en twa yn Drinte. Doe waard 150.000 euro oan kontant jild fûn en doe is ek foar 250.000 euro oan guod yn beslach naam. Ek is in tal klûzen fûn.

Mei-inoar is beslach lein op ferskate wenten en fiif auto's. Ien dêrfan is in Aston Martin mei in wearde fan 380.000 euro.

Fierder binne twa boaten, in heftruck, in scooter, klean, skuon en sieraden yn beslach naam. Foar fierder ûndersyk is ek administraasje en kompjûterapparatuer meinaam. Der sitte fjouwer fertochten fêst yn ferbân mei dit ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)