Blog: De enklave Zuurbier yn Bretagne (2)

15 maaie 2014 - 08:58

Monique Zuurbier en har man Rudi de Koning hienen blommekassen yn Harns. De gemeente woe de grûn graach hawwe en sa begûnen Monique en Rudi nei te tinken oer har takomst. Mei fakânsjes kamen se fansels regelmjittich yn Bretagne en Rudi, in echte hynsteman, hie altyd al belangstelling foar bisten. Fiif jier lyn hakten se de knoop troch en ferhuzen mei har bern nei Frankryk. We helje mei Monique de kij op en wylst Monique útein set mei melken ride wy fierder nei Jeroen.

Jeroen is de jongste broer mar mei it measte lân. Hy hat it smoardrok want it is no moai waar en it lân moat klear. Hy hat eins gjin tiid om ús efkes te wurd te stean. Wy sykje him op wylst hy op it lân oan it wurk is. As we om ús hinne sjogge ha we in moai sicht op it lân fan him: it is oeral om ús hnne. Syn broers ha him oerhelle ek biologysk te wurkjen. Hy skytskoarre der earst wat tsjin oan. Hy is, sa't er sels seit, wat rûger as syn broers.

Lês hjir it foarige blogberjocht 'De enklave Zuurbier yn Bretagne' of gean werom nei de haadside fan it blog.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)