Keunstmanifestaasje Wâldsein

15 maaie 2014 - 08:33

Freed giet yn Wâldsein de keunstmanifestaasje "Kunst aan de Ee" fan start. Yn tsien dagen tiid sille 100 keunstners wurk toane yn it eardere gebou fan Woudsend Verzekeringen. It is it inisjatyf fan de pleatslike galeryhâldster Iris ten Cate. Sy socht keunstbroeders en -susters út it hiele lân en ek út België en Dútslân om te eksposearjen. Ek pleatslike artysten dogge mei.

It giet om keunst yn de meast brede sin fan it wurd: skilderijen, foto's, byldhouwurken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)