Harnzers omkaam yn België

15 maaie 2014 - 06:03

By in swier ûngelok yn België binne woansdei twa Harnzers fan 51 en 52 jier omkaam. It giet om de eksploitanten fan de bekende Harnzer snackbar De Kombuis.

In Roemeenske frachtweinchauffeur (39) ried op de E17 by Zwijnaarde op in file yn. De frachtwein en it buske fan it stel baarnden hielendal út. De frachtweinchauffeur is troch de plysje oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)