Blog: De enklave Zuurbier yn Bretagne

14 maaie 2014 - 21:08

Fan 'e moarn betiid de stâl troch mei Kees Zuurbier. Oer it algemien readbûnt fee, dochs bin der noch altyd in pear swartbûnte nijkommelingen fan de Tryntsjes en Martha's út Achlum. Krekt as syn bruorren buorkje Kees en Sytske biologysk. "It smyt mear op", seit Kees "mar dêr giet it net allinnich om. Ik hie myn nocht fan it spuitsjen". De kij rinne safolle mooglik bûten, der is genôch gers.

Dy moarns gean we noch nei Jan Zuurbier, in jongere broer fan Kees. Gelokkich ha we in goeie gids oan Sytske, se wit it paad yn dit moaie lânskip. Jan hat Wageningen dien en hat niget oan de fokkerij. Syn kij bin noch altyd swart-wyt. De keallen drinke yn groepkes fan fjouwer by ien ko. Jan is troud mei in Fransêze en hat trije bern.

Tusken de middei treffe we ek de âldste broer Jaap en syn frou Lutske. Jaap, Kees en Jan fertelle oer it âlderlik hûs, de earste jierren yn Bretagne en de 'werktuiggroep. De fjouwer bruorren diele foar in part it grut ark.
Meielkoar ite we grêpes, it echte Bretonske iten. Hearlik!

Lês hjir it foarige blogberjocht 'Oankomst yn Bretagne' of gean werom nei de haadside fan it blog.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)