Blog: Oankomst yn Bretagne

14 maaie 2014 - 21:03

Tiisdeitejûn om in oere as 9 hinne ride we op in lyts dykje tusken de greiden yn Bretagne. It is hjir aardich heuvelachtich. By it plakje Kergrist Moëlou draaie we in enoarm hiem op. De pleats fan Kees en Sytske Zuurbier bestiet út in hûs en ferskillende loadsen en foar Frânske begripen in grutte stâl. Mei har soannen Nico-Jean (21) en Stephane (18) sitte se oan de itenstafel en we kinne sa oanskowe.

Kees en Sytske wienen 21 en 20 jier doe't se hjir kamen. Se fertelle dat se doe krekt in healjier ferkearing hienen. Kees hie mei syn âldere broer Jaap earder al de kar makke om nei Frankryk te gean om te buorkjen. Beide broers hienen twa pleatsen kocht. Se weagen de sprong, no 24 jier lyn. Letter kamen ek de broers Jan en Jeroen nei Bretagne en fiif jier lyn sus Monique mei har gesin.

We sliepe jûn yn in appartemint boppe de keuken. Moarn wurdt it in drokke dei, we sille alle bruorren en sus Zuurbier treffe.

Lês hjir it foarige blogberjocht 'Dowetil en in boarne' of gean werom nei de haadside fan it blog.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)