'Toerisme bliuwt by Wynpark'

14 maaie 2014 - 20:02

De komst fan in grut wynmûnepark hat gjin negative ynfloed op it oantal toeristen dat nei in gebiet ta komt. Dat docht bliken út ûndersyk fan it European Tourism Futures Institute fan de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert. Sy hawwe foar it ûndersyk sjoen nei de komst fan wynmûneparken op in grut tal plakken yn Europa. Dêr die bliken dat it toerisme op peil bleaun. Neffens de ûndersikers is it sels sa dat de komst fan in park in nije groep toeristen lûke kin. De opdracht foar it ûndersyk kaam fan Pondera Consult.

Dat buro docht de miljeu-effektraportaazje foar de inisjatyfnimmers fan it wynpark foar de Fryske Iselmarkust.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)