Trije offertes foar busferfier

21 feb 2012 - 16:42

Ferfiersmaatskippijen Arriva, Qbuzz en Connexxion binne yn de race om de kommende jierren it busferfier te fersoargjen yn Noard- en Súdwest-Fryslân, de stêd Ljouwert, op Skiermûntseach en op it trajekt Grins-It Hearrenfean-Emmeloard. De busbedriuwen hawwe in offerte by de provinsje yntsjinne.

De provinsje moat no in kar meitsje. De winner mei fan desimber fan dit jier ôf acht jier lang yn de gebieten ride. Wichtige kriteria binne de priis en de duorsumens fan 'e offerte, sa lit deputearre Kramer wite.

De provinsje sil uterlik op 20 maart in kar meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)