Stroetinga wint etappe Olympia

14 maaie 2014 - 16:22

Wim Stroetinga hat woansdei de tredde etappe fan Olympia's Tour yn Hoorn wûn. Hy bleau Johim Ariesen en Yoeri Havik foar yn de massasprint. De hurdfytser, dy't fan Aldeberkeap komt, pakte yn de lêste fjouwer edysjes fan de grutste amateurkoers fan Nederlân in ritoerwinning.

Berden de Vries hâldt de lieding. Olympia's Tour duorret noch oant en mei sneon.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)