Polityk kritysk oer poppoadium

14 maaie 2014 - 16:10
  • Harmoniekertier Ljouwert

De plannen foar in nij Ljouwerter poppoadium by it Harmoniekertier kinne rekkenje op in krityske ûntfangst troch de polityk. Kolleezjepartij CDA wiist der op dat it oer in slompe jild giet; 18 miljoen euro. No't dúdlik is dat de twa besteande poppoadia Romein en Asteriks net mear meidogge yn de plannen sil de opstelling fan it CDA net positiver wurde.

CDA-riedslid Friso Douwstra is ferrast troch de opstelling fan Romein en Asteriks. De partij is benijd oft net in oare partij as de gemeente sa'n nij poppoadium opsette kin.

De VVD fynt it krusiaal dat Romein en Asteriks wol meidogge oan de plannen. Oars is der gjinien dy't programmearje kin en rint de eksploitaasje gefaar. Kolleezjepartij PvdA hat foaral fragen en dan benammen oer dy eksploitaasje, want dy moat wol út kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)