Net folle stipe foar 'Stuk!'

Affysje fan de film 'Stuk'
De crowdfundings-aksjes foar de nije film fan Steven de Jong ha noch net folle opsmiten. De regisseur siket noch jild foar syn film Stuk!. De film giet op 11 juny yn premjêre en giet oer in famke dat pest wurdt. In grut part is yn Fryslân opnaam.
De Jong besiket fia crowdfunding, oftewol mienskipsstipe, €20.000,- op te heljen by partikulieren en ûndernimmers om de film ôf te meitsjen. Mar oant no ta is der noch mar sa'n tûzen euro tasein. De premjêre fan de film, mei ûnder oaren Yolanthe Cabau en Cas Jansen, giet wol gewoan troch.
Op de crowdfundingside Cinecrowd stiet de teller of op €640,- en op Voor de kunst is €350,- tasein. De crowdfunding fia dizze siden rint noch in pear dagen.