Nij:Taskforce rûnwei Bûtenpost

© Google Streetview
De gemeente Achtkarspelen wol binnen in moanne mei in oplossing komme foar de betizing yn it ferkear op de nije rûnwei fan Bûtenpost. Der moat wat barre, neffens de gemeente, want ferkear dat no op de navigaasje it doarp ynrydt, rint dea. Ek kleie
bedriuwen dat se foar harren klanten hast net mear te finen binne.
Skoallen, pleatslik belang, bedriuwen, de evenementekommisje en de gemeente sille yn de taskforce meiprate. Neffens wethâlder Lammers binne de klachten reëel.
Op 28 febrewaris healwei achten is der in earste brainstoarmjûn op it gemeentehûs. Dy sil gean oer de werynrjochting fan de Foarstrjitte.