Gjin betrouwen yn poppoadium

De beide besteande Ljouwerter poppoadia Romein en Asteriks prate net mear mei de gemeente oer de komst fan in nij poppoadium oan it Harmoniekertier. De wurdfierders fan beide poadia ha gjin fertrouwen yn de gemeentlike plannen wylst de gemeente dêr takom wike al oer prate moat yn de kommisje. Se tinke net dat it goed komt mei de eksploitaasje fan it nije poadium.
Oer de opset fan it nije poadium ha se in oare miening. Foarsitter Van der Zee fan Romein fynt dat de súksesformule fan Romein trochset wurde moat, wylst Bootsma fan Asteriks in folslein nije start wol foar it poadium.