Sven rjochtet him op 1500 m

Sven Kramer wol him ûnder syn nije coach Jac Orie de kommende jierren foaral rjochtsje op de 1500 meter. De 28-jierrige reedrider nimt syn âld-ploechgenoaten Douwe de Vries fan It Hearrenfean en Wouter Olde Heuvel mei nei syn nije wurkjouwer Team BrandLoyalty.
Op de parsekonferinsje woansdei melde de trainer dat it team no folslein is mei tolve riders, wêrûnder fiif sprinters, trije allrounders en fjouwer froulju. Foar de regearjend wrâldkampioen allround Koen Verweij is gjin plak mear.
Sven Kramer hat in kontrakt foar in jier tekene mar hy en coach Jac Orie ha de yntinsje om gear te wurkjen oant de Winterspelen fan 2018 yn Súd-Koreä. Kramer wie nei njoggen jier by trainer Gerard Kemkers ta oan in nije útdaging en de mear wittenskiplike oanpak fan Orie sprekt him bot oan. Hy hie nei de WK ôfstannen yn 2013 al in earste ferkennend petear mei Orie oer in mooglike gearwurking.