Tafersjoch Hearrenfean bliuwt

Gemeente It Hearrenfean
De gemeente Hearrenfean bliuwt ûnder tafersjoch fan de provinsje stean. De gemeente hat te krijen mei grutte tekoarten. De wichtichste oarsaak fan de jildpine is it gemeentlike grûnbedriuw. Der wurde tsientallen miljoenen op ôfskreaun. Sa lang as Hearrenfean ûnder tafersjoch stean bliuwt, moat de gemeente alle útjeften foarlizze oan de provinsje. De begrutting fan Hearrenfean wurdt ek noch net goedkard.
De provinsje giet yn oerlis mei de gemeente om te sjen hoe't de gemeente wer finansjeel sûn wurde kin.