Akkoart foar plan MFA Eanjum

© Google Streetview
De provinsje Fryslân hat ynstimd mei it plan om it nije MFA yn Eanjum te kombinearjen mei it kantoar fan de NAM. It doarp wie al langer dwaande mei plannen foar in multyfunksjonele akkommodaasje. Doe't de NAM har plannen foar in kantoar yn Eanjum bekend makke, hawwe beide partijen besletten om gear te wurkjen. De NAM wol 60 wurknimmers ûnderbringe yn Eanjum. De kommende tiid wurde de bouplannen fierder útwurke.