Sieraden stellen yn Ljouwert

14 maaie 2014 - 10:17

Yn Ljouwert is in 81-jierrige frou tiisdeitemiddei bestellen. Yn de tiid dat se in kuier makke, binne sieraden út har wenning oan de Canadezenlaan stellen. Dieven ha in rút iepenbrutsen om yn it hûs te kommen. De frou hat oanjefte dien. De plysje advisearret minsken om sieraden goed op de foto te setten. Dy foto's kinne brûkt wurde by in oanjefte as it guod stellen wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)