Mei luchtbuks op boartersplak
Op It Hearrenfean binne tiisdeitejûn twa mannen oppakt om't se mei in luchtbuks sketten hienen. Tsjûgen seagen it duo op it boartersplak oan de Bolster mei it wapen. De plysje hat dêr in luchtbuks en munysje fûn. De Feanster manlju fan 18 en 19 jier binne yn de buert fan it boartersplak oppakt.