Turfrûte freed wer iepen

Boatsjes kinne fan freed ôf de Turfrûte troch Súdeast-Fryslân wer brûke. De rûte wurdt beheard troch stifting De Nije Kompanjons, dy't dit jier 40 jier bestiet. Dêr sil sneon by de offisjele iepening by stilstien wurde. It bestjoer is bliid dat de rûte ûnderdiel is fan it Fryske Marreprojekt, wêrtroch't ynvestearrings mooglik binne.
Oant en mei 2015 wurdt der wurke oan ferbettering fan de farrûte, lykas nije beskoeiïng en oanlisplakken. De rûte sil op guon plakken fierder útdjippe wurde.