Nominaasje foar Tekenskoalle

14 maaie 2014 - 05:56

It projekt Tekenskoalle fan Keunstwurk is nominearre foar in Gouden C. De priis is in inisjatyf fan it Fonds voor Cultuurparticipatie. Yn totaal binne út hiel Nederlân fiif projekten nominearre. It meast ynnovative en ynspirearjende projekt wint.

Tekenskoalle moat derfoar soargje dat safolle mooglik bern yn de kunde komme mei keunst en kultuer. De priis in in sjek fan 500 euro. De winner wurdt op 26 juny bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)