Kapotte wetterlieding Berltsum

13 maaie 2014 - 22:13

De Hofsleane yn Berltsum stie tiisdei ûnder wetter. Dat kaam net troch in soad reinwetter, mar omdat in wetterlieding sprongen wie. Dat kaam nei alle gedachten omdat in glêsbak fuorthelle wie. It wetter rûn oer de dyk en yn de tún fan in âld notarishûs. Let yn de middei waard noch hieltyd wetter fuortpompt. It lek is yntusken wer makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)