Bahrein yn sinneboatrace

13 maaie 2014 - 21:11

De Universiteit fan Bahrein docht mei oan de sinneboatrace Energy Solar Challenge. Se binne it lêste team dat him ynskreaun hat foar de wedstriid. Bahrein hie earder al oanjûn dat se graach meidwaan woenen. Se hawwe de boat út 2012 fan in team út Poalen oernaam. Der moast noch wol wat oan ferbettere wurde.

Yn totaal dogge fyftjin bûtenlânske teams mei oan de fyfde edysje fan de sinneboatrace. It evenemint begjint op 28 juny yn Grins. De finish is op 5 july yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)