Grutte fangst wytwaskûndersyk

Op ferskate plakken yn Ljouwert binne ynfallen dien © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De plysje hat tiisdei yn in grut wytwaskûndersyk yn Ljouwert fjouwer minsken oanhâlden. De twa haadfertochten fan 34 en 47 jier komme út Ljouwert. Se wurde fertocht fan it wytwaskjen fan krimineel jild. Der is 150.000 euro kontant jild fûn en der is foar 250.000 euro oan guod yn beslach naam. Ek is in tal klûzen fûn. Dy sille noch fierder ûndersocht wurde.
Mei-inoar binne fiif auto's yn beslach naam. Ien dêrfan is in Aston Martin mei in wearde fan 380.000 euro.
Fierders is beslach lein op twa boaten, in heftrúk, in scooter, klean, skuon en sieraden. Foar fierder ûndersyk is administraasje en kompjûterapparatuer meinaam. By de ynfallen op trettjin lokaasjes yn Ljouwert is beslach lein op in grut tal wenningen. Der binne by de aksje hûnen ynset dy't op syk gienen nei jild, eksplosiven en drugs. Militêren hawwe ferskate ferburgen plakken ûntdutsen.